Skieppeboeren ûniens mei regels

22 jul 2003 - 00:00

Regels foar it kûpearjen fan sturten fan lamkes moatte rommer wurde. Dat fine skieppeboeren. Neffens de boeren binne der mear bisten siik no't de sturten net mear ynkoarte wurde meie. Twa jier lyn is it ferbod ynsteld.

By kontrôles fan de AID binne de lêste tiid tsientallen boeren bekeurd om't se sturten net kûpearre hienen. Dizze boeren binne by elkoar kommen en wolle mei in proefproses besykje de maatregel werom te draaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)