Skiep soargje faaks foar oplossing tikepleach

10 jul 2015 - 12:23

Fryske skiep koene wolris de oplossing wurde foar de tikepleach dy't op it stuit yn Nederlân is. Natuurlijk Beheer yn Appelskea wurket mei oan in proef fan it ûndersyksynstitút RIVM en Universiteit Wageningen, meldt BNR nieuwsradio.

De ûndersikers wolle in faksin tsjin tiken ûntwikkelje en brûke de skiep fan Henry Hoiting as proefdier. Skiep lûke in soad tiken oan. It faksin kin gjin kwea by de skiep, mar de tiken geane fuortendaliks dea. It faksin moat ek geskikt makke wurde foar hûnen en reeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)