Skiep oanfallen troch foksen

11 okt 2005 - 21:24

Foksen hawwe it op dit stuit mooglik foarsjoen op skiep yn de omkriten fan Aldwâld. Skieppehâlder Tjalling Schotanus is freed ien fan syn skiep kwytrekke omdat neffens him in foks it bist oanfallen hat. It skiep wie sa slim ferwûne dat de bistedokter it bist ôfmeitsje moast.

Schotanus hâldt no ekstra kontroles by syn skiep. It bart net faak dat foksen skiep pakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)