Skiep mei reklame meie net

11 apr 2006 - 17:48

Skarsterlân wol in ein meitsje oan it reklame meitsjen mei skiep by de rotonde fan de Jouwer. De skiep rinne mei blauwe dekjes yn in stik greide, flakby de autodyk. Op de dekjes stiet reklame foar in site mei hotels.

Neffens boargemaster Kuiper wurdt mei de reklameskiep besocht om ûnder de regels foar reklame yn it bûtenfjild út te kommen. Amtners fan de gemeente sykje no út wat de gemeente dêr oan dwaan kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)