Skiep Martin Reitsma nei It Hearrenfean

12 feb 2015 - 11:40
  • De hûn hâldt de keppel skiep goed yn 'e gaten

De goed 400 skiep fan Martin Reitsma út Gerkeskleaster wurde fan mids maart ôf yn ferskate gebieten op It Hearrenfean ynsetten. De skiep stean al langer op terreinen fan Wetterskip Fryslân by It Hearrenfean. De bisten sille op de measte plakken twa kear yn it seizoen komme. Yn rekreaasjegebiet De Heide is dat sels trije kear en dan is der ek in hoeder by de skiep.

Earder besleat Diederik Sleurink fan de Wylde Weide om syn keppel werom te heljen fan It Hearrenfean, om't er spul hie mei de gemeente. Syn skiep ûnderholden it grien sûnt 2006.

Neffens Sleurink woe de gemeente allinich mar koartrinnende kontrakten ôfslute, wylst hy mear as 200.000 euro yn in ûnderkommen foar syn skiep ynvestearje moast. Oerlis mei de gemeente wie neffens him net mooglik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)