Skiep Liphúster Heide bedrige

23 des 2001 - 00:00

De 80 skiep op 'e Liphúster heide wurde bedrige. By de keppel rinne ferskate seldsume skiep, lykas Schoonebekers en Drintse heideskiep. It ûnderhâlden fan 'e keppel kin net langer út, omdat de priis fan 'e wol tige leech is.

Foarmjouster Claudy Jongstra fan Spannum is in aksje begûn ûnder freonen, kunde en sake-relaasjes om de keppel yn stân te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)