Skiep komme wer yn Boalsert

02 maaie 2010 - 10:37

In oantal gersfjilden yn it Natuerplan East yn Boalsert wurdt dit jier opnij koart hâlden mei skiep. De gemeente is der twa jier lyn mei begongen en út in evaluaasje docht bliken dat de reaksjes posityf binne.

Wol fine guon bewenners dat de skiep it gers net koart genôch hâlde. Ek binne op in pear plakken beammen oanfretten troch de skiep. De gemeente fynt it posityf dat der yn de gersfjilden ek allegear oare planten begjinne te groeien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)