Skiep hâlde 'shirt-sponsoring'

11 apr 2006 - 22:00

Ynisjatyfnimmer Jozef Mazereeuw fan de reklameskiep is net ûnder de yndruk fan it ferbod fan boargemaster Kuiper fan Skarsterlân op syn reklame-skiep. It is gjin reklame mar in in shirt-sponsor-aksje, seit Mazereeuw.

De skiep mei reklamedekjes rinne op tal fan plakken yn Nederlân en ek by de rotonde fan de Jouwer. Kuiper seit dizze reklame lâns de iepenbiere dyk net mei. Mazereeuw mient dat syn 'sponsoring' gewoan tastean is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)