Skiep Geart: Nederlân kampioen

09 jul 2010 - 21:30

Nederlân wurdt no snein wrâldkampioen fuotbaljen. Sa docht bliken nei de ultime test op de bernebuorkerij yn Stiens.

Bok Abe besocht as earste de útslach te foarsizzen, krekt lykas de oktopus yn Dútslân. Hy moast dêrfoar kieze foar in krop slaad by de Nederlânske of in Spaanske flagge. Abe hie lykwols gjin honger en dus mocht skiep Geart útslútsel jaan. Geart hie der gjin muoite mei: Nederlân wint!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)