Skiep frette kaaien keal

26 maaie 2007 - 13:04

Wetterskip Fryslân set it Drintse heideskiep yn om de kaaien keal te fretten. It giet om stikken lân dy't net goed te berikken of te beriden binne troch masines. In proef yn 2006 mei skiep pakte goed út.

Skiep binne goedkeaper. Der hoecht net meand te wurden en der bliuwt gjin hea lizzen dat ôffierd wurde moat. Der is in keppel fan 400 skiep mei herder en hûn ynhierd dy't op tal fan plakken ynset wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)