Skiep fia it iis op N361

31 jan 2010 - 15:06
  • As der ien skiep oer de daam is....

De plysje wol witte fan wa't de skiep binne dy't geregeld op de N361 tusken Dokkum en Aldtsjerk rinne. Se stekke de lêste dagen hieltyd de beferzen sleat oer nei de Lauwerseewei en bliuwe dêr. De dyk waard dêrom sneintemiddei in skofke ôfsletten. De skiep litte har frij malik wer nei it lân ta liede, mar as it wer bart, wurde se meinaam. Nei it wykein wurdt it drokker op de dyk en dan kinne der in gefaarlike sitewaasje ûnstean. De eigner kin him melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)