Skiep fan Wylde Weide sykje ûnderdak foar de winter

11 mrt 2015 - 11:38

De skiep fan natuerbehearder Wylde Weide yn Tsjalbert moatte gau nij ûnderdak hawwe, oars is it risiko dat der takom jier gjin lamkes berne wurde. Dat seit Diederik Sleurink fan de Wylde Weide. Nei spul mei de gemeente moat de organisaasje út de hjoeddeistige stâl. It finen fan in nij ûnderkommen foar de mear as 600 skiep blykt net ta te fallen.

Dizze simmer kinne de skiep noch gewoan bûten rinne, mar yn de hjerst moat der dúdlikheid wêze oer in nij hok. Oars moatte de skiep de winter bûten trochbringe en wurde se net dutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)