Skiep en geiten yn beslach naam

12 feb 2004 - 00:00

De Dierebeskerming hat woansdei yn Tsjalbert tachtich skiep en twa geiten yn beslach naam. De eigner hie de bisten in ferkeard middel tsjin wjirms jûn. De terms fan de bisten wienen dêrtroch oanfretten. Se krigen ek ferkeard iten. De bisten binne slim fermeagere en ferswakt.

De bisten binne oerbrocht nei in opfangadres, dêr't se behannele wurde. Tsjin de eigner is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)