Skiep deabiten by Wolvegea

24 des 2012 - 10:52

Yn in stik lân oan De Meenthe by Wolvegea is it ôfrûne wykein in skiep deabiten troch ien of mear hûnen. De eigener fan de skiep seach sneon dat syn bisten yn ferskate stikken lân rûnen en dat stekken stikken rûn wiene. Neffens de plysje binne de skiep opjage troch hûnen.

It skiep dat deabiten is, lei yn in sleat. In oar bist wie sa slim ferwûne, dat it ôfmakke wurde moast. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)