Skiedsrjochter stutsen mei mes

05 sep 2010 - 10:51

De plysje fertinkt in Burgumer (18) fan mishanneling. De jonge soe by in freonskiplike fuotbalwedstryd de skiedsrjochter mei in mes stutsen hawwe. Dy rûn dêrtroch ferwûnings oan it skouder op en moast him behannelje litte.

De wedstryd wie sneontejûn op it terrein fan it AZC yn Burgum. De jonge hie in reade kaart fan de skiedsrjochter krigen, ferliet dêrnei it fjild, mar kaam werom mei it mes. Hy is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)