Skiedsrjochter Hoeksma foar it lêst aktyf op WK kuorbal

06 nov 2015 - 17:50
  • De Nederlânske kuorballers fiere de winst

Kuorbal skiedsrjochter Jan Henk Hoeksma fan Grou set nei dit wykein in punt achter syn karriêre. De 47-jierrige Grouster fynt dat it nei hast tweintich jier moai west hat. De ynternasjonale kuorbal federaasje hat Hoeksma útnoege om op it WK yn België syn lêste duels te fluitsjen.

Hoeksma hopet snein yn Antwerpen de striid om it brûns tawiisd te krijen. Foar de finale komt hy net yn byld, omdat hy it Nederlânske team net fluitsje mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)