Skiedsrjochter bedrige nei SC Frjentsjer-Black Boys

11 maaie 2015 - 13:12
  • Sportkompleks fan SC Frjentsjer

Nei de fuotbalwedstriid SC Frjentsjer tsjin Black Boys út Snits is snein de skiedsrjochter bedrige troch spilers en supporters fan Black Boys. Oanlieding wie it lette doelpunt yn de 93e minút. Der wie misferstân oer de ekstra tiid.

Nei de goal fluite de skiedsrjochter de wedstriid ôf. Spilers en in soad supporters stoden doe op him ôf. Der waard treaun en lutsen. De skiedsrjochter is ûnder begelieding nei ien fan de hokken brocht en hat wachte oant de bedrigers fuort wiene. De KNVB hat de saak oan de plysje oerdroegen.

De goal wie it iennichste en winnende doelpunt yn de wedstriid, makke troch de keeper fan SC Frjentsjer. Fanwege tiidrekken troch Black Boys joech de skiedsrjochter trije ekstra minuten, wylst de spilers en it publyk tochten dat der mar ien minút langer spile wurde soe. It doelpunt foel yn de lêste 20 sekonden en dêrnei wie de wedstriid dien.

Mooglik hat de saak noch konsekwinsjes foar Black Boys. Yn in minykompetysje moat bepaald wurde wa't promovearret nei de tredde klasse. It is de fraach oft Black Boys wol meidwaan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)