Skiednis Flylân op muzyk

13 okt 2008 - 16:04

De skiednis fan Flylân komt op muzyk. De folkgroep Drijfhout wol de kommende tiid grave yn de maritime skiednis fan it eilân. Dy skiednis moat de basis wurde foar in grut muzikaal projekt.

In foarpriuwke hjirfan is oer in pear wike al te hearren op de nijste cd fan de groep. Dêrop stiet in bewurking fan in nûmer dat mear as 50 jier lyn útbrocht waard troch in Flylanner sjongeres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)