Skiednis fan Stichting Westermeer is beskreaun

25 nov 2015 - 21:54

Stichting Westermeer bestiet fyftich jier. Om it jubileum te fieren hat sekretaris Gerard de Wolff in boek oer de skiednis skreaun. Yn de ôfrûne fyftich jier hat de stichting goed 2,5 miljoen euro útkeard oan lytse projekten yn de eardere gemeente Skarsterlân en it doarp Terherne. Skoallen, mûnen, tsjerken of oare ynstânsjes kinne jild oanfreegje.

By in gearkomste mei âld-bestjoersleden is it earste boek oerlange oan Spoelstra, dy't in soad foar de stichting dien hat. Loko-boargemaster fan De Fryske Marren, Durk Durksz, krige ek in boek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)