Skerpere kontrole ôffalbergen

23 nov 2000 - 16:21

De provinsje wol ôffalferwurkingsbedriuwen yn 'e takomst mear yn 'e gaten hâlde. In trijemoanliks rapport moat ynsjoch jaan oer it neilibjen fan fergunnings. Dat hat de kommisje miljeu fan 'e provinsje woansdei besletten.

Oanlieding foar de skerpere kontrole binne de problemen by ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert. De provinsje soe de saak dêr sloere litten hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)