Skerpere aksjes Prins op komst

13 mrt 2013 - 12:40
  • Stakingsoerlis wurknimmers Prins Dokkum

Der komme skerpere aksjes by it bedriuw Prins Dokkum. It personiel praat dêroer mei fertsjintwurdigers fan de fakbûnen. De wurknimmers hawwe it wurk woansdei opnij in pear oeren dellein, fan 18 minuten oer tsienen oant 18 minuten oer tolven.

Yn in hoarekagelegenheid yn Dokkum wie in gearkomste dêr't de bûnen mei de meiwurkers prate oer nije aksjes tsjin sluting fan it fangrailfabryk. De fakbûnen hawwe tiisdei opnij in petear hân mei de direksje oer in better sosjaal plan.

De direksje hat foar de fjirde kear oanjûn net meiwurkje te wollen oan dat better sjosjaal plan en hat it besteande oanbod ynlutsen. De produksje fan fangrails by Prins Dokkum wurdt troch it Noarske memmebedriuw Saferoad ferpleatst nei Dútslân of Poalen dêr't goedkeaper wurke wurde kin. Prins Dokkum soe mei ferlies draaie.

De direksjesjocht foarearst gjin oplossing yn it konflikt mei de wurknimmers en fakbûnen. Wol sil direkteur Herman Odijk it advys fan de ûndernimmingsried oer de reorganisaasje bestudearje. It iepenbliuwen fan it fabryk is foar de direkteur lykwols gjin opsje, omdat der neffens him gjin alternativen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)