Skerpenseel hat nij trefpunt foar it doarp

24 apr 2015 - 20:23

Yn Skerpenseel is freedtejûn Et Proeme Nust iepene. Dit is in trefpunt foar de doarpsbewenners mei in sportskoalle, in winkel, in lunsjhoeke en in 'Escape Room', dêr't de minsken real-life puzzels oplosse moatte. It is in bysûnder projekt, om't de doarpsbewenners dit trefpunt yn de eardere supermerk sels ferboud hawwe.

De supermerk gie in pear jier ferlyn ticht en it gebou sintraal yn Skerpenseel stie leech. Mei it trefpunt wolle de bewenners de leefberens yn it doarp fergrutsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)