Skema foar Hearrenfean bekend

05 jul 2004 - 17:03

It kompetysjeskema foar de earedivyzje fuotbal is definityf bekend. Hearrenfean kin fuortendaliks goed oan de bak. De club begjint op 14 augustus mei in útwedstrid tsjin Alkmaar. In wike letter komt Roda JC op besite.

Ein septimber moatte de spilers fan Verbeek nei PSV ta, twa wike letter nei Ajax. Feyenoord komt op 27 novimber nei it Abe Lenstrastadion. De ien nei lêste wedstriid is tsjin Grins út,en de kompetysje einiget mei NEC thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)