Skelton wint Grutte Priis Indoor

19 okt 2003 - 00:00

De Britse springruter Nick Skelton wûn sneontejûn by Indoor Fryslân de Grutte Priis. Skelton en syn 9-jierrige hynst Arko III wie de iennichste kombinaasje dy't yn 'e haadrubryk gjin flaters makke. It manmachtige publyk krige sadwaande gjin barraazje te sjen.

Skelton fertsjinne foar de eigners fan syn hynst 11.000 euro. De Dútser Heinrich Engemann gie mei de twadde priis nei hûs. Albert Zoer wie de bêste Nederlanner op in sechde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)