Skellende 112-beller oppakt

06 maaie 2010 - 10:18

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 19-jierrige jonge út de stêd oanhâlden omdat er ferskate kearen it neednûmer 112 belle hie, sûnder reden. Hy belle mei it ferhaal dat er mishannele waard en skold de telefonist út. Doe't de plysjes him oanhâlden, die al gau bliken dat er hielendal net mishannele wie.

Hy is oanhâlden fanwege mislediging. By syn arrestaasje fersette er him bot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)