Skelle en raze tsjin Thússoarch

06 mrt 2003 - 00:00

Klanten fan 'e thússoarch wurde hieltyd bretaler, ek by Thússoarch Súdwest-Fryslân. Neffens direkteur Lidt Hartemink is der hieltyd mear ûnrêst en minsken krije net altyd wat se wolle. De meiwurkers krije in kursus oer hoe om te gean mei agresje.

Oeral yn Nederlân hawwe organisaasjes foar thússoarch mear lêst. It giet dan om skellen en razen, mar ek seksuele yntimidaasjes. Slaan en skoppen komt minder foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)