Skelet walfisk nei Leiden

08 okt 2009 - 17:12
  • Skelet moat ûndersocht wurde (foto: Persbureau Ameland)

It skelet fan de deade bultrêch dy't tongersdei fûn waard by It Amelân giet nei Naturalis yn Leiden. Fiskers seagen it bist driuwen tusken It Amelân en Skylge. In bergingsbedriuw brocht de bultrêch dêrnei nei It Amelân.

Freed komt in team fan it Leidse Nationaal Natuurhistorisch Museum nei it eilân om it bist yn stikken te snijen. It team wol graach witte wêrom't de walfisk by de Fryske waadeilannen bedarre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)