Skele tiger wurdt operearre

24 jul 2003 - 00:00

By it opfangsintrum foar rôfdieren Pantera yn Nijeberkeap wurdt snein in operaasje by in tiger útfierd. De ien- jierrige tiger Ramses is sa skeel as de mik en dat kin allinnich mar ferholpen wurde troch in operaasje. By minsken is dat in standert-operaasje, mar by tigers is it noch nea bard.

De bistedokter fiert de operaasje, dy't ridlik simpel is mar net hielendal sûnder gefaar, út. It is nedich om't Ramses guon dingen gewoan net sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)