Skeelerpiste yn De Westereen

09 sep 2014 - 20:52
  • Skeelerjen

Yn De Westereen wurdt woansdei úteinset mei de oanlis fan in skeelerpiste en in hurdfytsbaan. De skeelerpiste fan 200 meter is geskikt foar ynternasjonale wedstriden en foldocht oan de easken fan de KNSB. De hurdfytsbaan sil brûkt wurde troch hurdfytsferiening Otto Ebbens en wurdt sa oanlein dat dizze ek troch rekreanten as skeelerbaan te brûken is.

De oanlis wurdt mooglik makke troch subsydzjes fan de EU en de provinsje. Ek skeelerferiening IDS wurket mei oan de realisaasje.

Noch dit jier moat alles klear wêze. Ek wurde kuierpaden, is fisksteger en beplanting oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)