Skeelerjen falt yn it wetter

28 aug 2004 - 14:26

It Frysk Kampioenskip skeelerjen yn Wolvegea is freedtejûn op in teloarstelling útrun. Fanwege it minne waar kamen by de senioaren hast gjin riders opdaagjen.

By de froulju wie Karin Ketellapper de iennichste dielnimster. By de manlju wiene der trije dielnimmers. Jan Jacob Wigarda wie de bêste oer de trije underdielen. Twadde waard Jacco Krompkamp, tredde Taeke van Lingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)