Skeelerbanen foar iisbanen?

12 aug 2000 - 16:45

Maratonrider Van der Weide pleitet derfoar om natoeriisbanen te asfaltearjen. Skeelers soene dêr dan op ride kinne. Yn Nederlân skeelerje 2 miljoen minsken op de dyk. Dêr barre in soad ûngelokken by.

Iisbanen lizze der hast it hiele jier foar neat by, sels as it goed winterwaar is, neffens Van der Weide. Winters kin it asfalt ûnder wetter set wurde, sadat der dan wer plak is foar reedriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)