Skeelerbaan Haulerwyk ree foar wedstriidseizoen

03 apr 2016 - 15:15
  • In skeelerklinik op de ferbettere skeelerbaan fan Haulerwyk

De skeelerbaan yn Haulerwyk foldocht wer oan alle easken fan de KNSB. Frijwilligers hawwe ôfrûne winter hurd wurke om de baan wer klear te krijen foar it wedstriidseizoen. Sa is de pyste oardel meter breder makke. Ek leit der nij asfalt op en is de boarding fernijd.

Troch de oanpassingen hat de KNSB tastimming jûn foar nasjonale en ynternasjonale wedstriden op de baan. Sa fynt yn juny in ynternasjonaal wykein plak yn Haulerwyk en Wolvegea. Yn augustus binne de lanlike finales foar de jeugd yn Haulerwyk.

De fernijde skeelerbaan is snein yn gebrûk naam op de jierlikse iepen dei. Under oaren reedrider Bob de Vries wie hjirby oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)