'Skeelerbaan Haulerwyk moat breder'

06 feb 2015 - 15:23
  • Skeelerjen

Skeelerferiening De Draai yn Haulerwyk freget de gemeente Eaststellingwerf om in finansjele bydrage om de skeelerbaan breder te meitsjen. De baan is no fiif meter breed en twahûndert meter lang. Ynternasjonale foarskriften fan de KNSB easkje lykwols dat de baan minimaal seis meter breed is. De skeelerferiening mei dêrom gjin nasjonale en ynternasjonale wedstriden en toernoaien mear hâlde. Mei ferskate donaasjes en sponsoaren hopet de klup om noch foar de start fan it nije seizoen de baanferbreding klear te krijen.

Ek bekende skeelerers lykas Elma de Vries, Manon Kamminga en Bob de Vries sette har yn foar in nije takomst fan de skeelerbaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)