Skeel yn formaasje DS

28 mrt 2003 - 00:00

Der is freed ferdield ûntstien tusken de Fryske PvdA en CDA, yn de formaasje fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. De twa partijen ha spul oer it oanstellen fan in twadde ynformateur. Dy soe út de PvdA komme moatte.

Om de tsjinstellings noch wat oan te skerpen, is de FNP it mei de sosjalisten iens en de VVD stiet efter de kristen-demokraten. De fjouwer partijen besprutsen freed it rapport fan ynformateur Reitsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)