Skeel Wehkamp en Batavus

09 apr 2010 - 22:10

Wehkamp mei gjin Batavus-fytsen ferkeapje. Dat hat de fytsefabrikant op It Hearrenfean oan Wehkamp witte litten. Allinnich selektearde dealers meie de fytsen ferkeapje en dêr heart Wehkamp net by. Dochs binne se dêr sûnt Peaske mei úteinset. De fytsen komme fan in gruthannel dy't se by in dealer hellet dy't wol Batavus-fytsen ferkeapje mei.

Ek de de gruthannel is easke dêr mei op te hâlden en it kontrakt mei de dealer is opsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)