Skeel útbetelling stakingsoeren

05 okt 2006 - 10:06

De sjauffeurs fan Arriva ha in skeel mei de direksje oer de útbetelling fan de aksje-oeren fan ferline wike woansdei. De sjauffeurs staakten om't se in better tsjinstroaster ha wolle.

De aksje soe eins oant 09.00 oere duorje, mar úteinlik stiene de bussen folle langer oan de kant. De direksje wol allinnich de stakingsoeren oant 09.00 oere betelje en net de ekstra oeren. Neffens de ûndernimmingsried komme der gjin nije stakingsaksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)