Skeel tusken seehûnesintra

08 jul 2002 - 00:00

Der is skeel ûntstien tusken seehûne- sintrum Ecomare op Texel en de seehûne- opfang yn Pieterburen. Neffens Ecomare is der hielendal gjin sprake fan in epidemy ûnder seehûnen yn 'e Waadsee.

De seehûnekresj yn Pieterburen seit dat dat wol sa is en wol dêrom mear jild fan it Ryk om alle sike bisten op te heinen. Ek it ministearje fan Lânbou sprekt fan in offisjele epidemy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)