Skeel om sit yn rie tafersjoch

03 jul 2004 - 14:13

De fraach om in ekstra sit yn de ried fan tafersjoch driget út te draaien op in juridyske striid tusken de Bewennersried en wenningbouferiening Smellingerlân. By de Bewennersried Fryslân is sawat 70% fan de leden fan de wenningbouferiening oansletten.

Neffens de statuten ha de hierders rjocht op twa sitten yn de ried fan tafersjoch. De wenningbouferiening seit lykwols dat der noch wurke wurdt oan in fúzje mei ferienings yn oare plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)