Skeel om blaffende hûnen

26 okt 2005 - 10:56

Hûnesportferiening de Doordouwers fan de Tynje binne tsjin de komst fan noch in hûnesportferiening op harren terrein by de Hanebuert. De gemeente Opsterlân wol op it terrein plak ynromje foar de plysjehûneferiening De Mersken.

Plysjehûnen wurde op in oare wize traind: dy moatte blaffe, wylst de hûnen by de Doordouwers just traind wurde om dat nèt te dwaan. Neffens de plysjehûneferiening moatte der goede ôfspraken oer trainingstiden komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)