Skeel oer wichtich advys Frysk

24 feb 2011 - 00:53
  • Deputearre Jannewietske de Vries

In wichtich rapport oer de takomst fan it Frysk yn it ûnderwiis bliuwt foarearst yn de kast lizzen. Minister Van Bijsterveld wol it advys fan de saneamde kommisje Hoekstra noch net iepenbier meitsje.

No is it ryk noch ferantwurdlik foar it Frysk yn it ûnderwiis en yn it rapport stiet hoe't dy ferantwurdlikheid oergean kin nei de provinsje Fryslân. Deputearre De Vries wol dat it stik no iepenbier wurdt en net pas nei in petear mei de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)