Skeel oer ûntslachregeling RBM

15 jan 2014 - 09:47
  • Logo FNV Bondgenoten

Fakbûn FNV Bondgenoten wol dat der in goed sosjaal plan komt foar fiif minsken dy't dien krije by RBM Plastics yn Hoogeveen. Dat meldt RTV Noord. It bedriuw is eigendom fan de Fryske bruorren Pieter en Willem Vermeulen. Neffens FNV Bondgenoten binne dy multymiljonêr en hie RBM Plastics yn 2012 in fermogen fan 68 miljoen euro.

It fakbûn fynt it dêrom net mear as ridlik dat der in goede ûntslachregeling komt foar de fiif wurknimmers. De eigeners sizze dêr gjin jild foar te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)