Skeel oer tydstip ATF-rapport

19 jun 2003 - 00:00

De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP is lulk op deputearre Baas om't hy net mei de taseine ynformaasje oer de ATF-brân yn Drachten komt. It rapport oer de hannelswize fan deputearre steaten hie der woansdei al wêze moatten.

Deputearre Baas snapt de lulkens net, om't neffens him mear tiid nedich is om te praten mei de gemeente Smellingerlân en âld-meiwurkers fan de provinsje. De brân wurdt nei de simmer behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)