Skeel oer stipe natuerbehear

01 okt 2014 - 12:58
  • Rjochtsaak Bosk en Greide
  • Rjochtsaak Bosk en Greide

De rjochtbank yn Grins hat woansdeitemoarn in skeel behannele tusken de provinsje Fryslân en natuerorganisaasje Bosk en Greide út Gaasterlân. Ynset is it útbeteljen fan subsydzje foar natuerbehear. Bosk en Greide hie dêr ôfspraken oer mei it Ryk en seit dat de provinsje dy oernaam hat. De provinsje ûntkent dat lykwols. De rjochter docht oer seis wiken útspraak.

Bosk en Greide is min te sprekken oer hoe't de provinsje har behannele hat foar de rjochter.

It natoerbehear yn de streek wurdt útfierd neffens ôfspraken dy't ein jierren '90 makke binne mei it Ryk en de provinsje. Dizze eksperimintele oanpak soe oant 2018 duorje, mar de provinsje wol der no fan ôf. Dat kin neffens Bosk en Greide net, mar neffens de provinsje is Bosk en Greide formeel hielendal gjin partij yn dit skeel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)