Skeel oer skjinmakkers

05 sep 2011 - 21:16

It Fakbûn CNV makket him drok oer tritich skjinmakkers dy't harren baan kwytreitsje. Se wurkje foar in bedriuw yn opdracht fan de gemeente Ljouwert. It kontrakt mei de gemeente rint ôf. De gemeente wol it wurk dan dwaan litte troch minsken fan de sosjale wurkfoarsjenning.

It fakbûn fynt dit a-sosjaal. 'It is prima dat je minsken fan de sosjale wurkfoarsjenning oan it wurk helpe wolle, mar dat kin net troch oaren dien te jaan', seit it fakbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)