Skeel oer pont de Burd

29 mrt 2009 - 10:24
  • De pont nei de Burd

De gemeente Boarnsterhim komt in tal bewenners fan de Burd by Grou net yn de mjitte oer de pont nei it eilân. De gemeente hat jildproblemen en wol dêr wat oan dwaan troch ûnder oare it abonnemint op de pont te ferheegjen. Boppedat fart it fear minder faak.

In groep bewenners hat dêr beswier tsjin makke. Se fine dat se net netsjes troch de gemeente behannele wurde. De gemeente wiist de beswieren ôf op formele grûn, omdat se net op de goeie wize formulearre binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)