Skeel oer pensjoenregeling NDC

21 okt 2014 - 12:25
  • NDC mediagroep

De NDC Mediagroep, wêrûnder ek de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd falle, moat soargje foar in goede pensjoenregeling foar de meiwurkers. Dat seit de Nederlandse Vereniging voor Journalisten.

Op dit stuit is der gjin pensjoenregeling. It fakbûn fergaderet tiisdei mei de direksje, om't der in skeel is tusken de direksje en de OR. De direksje hat begjin dit jier de pensjoenregeling opsein en de OR wol dit weromdraaie. De direksje wol in sobere pensjoenregeling om jild te besparjen. Dat foarstel foldocht net oan de easken fan de CAO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)