Skeel oer oanlis parkearplak

12 apr 2008 - 12:27

De Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert moat soargje foar in bettere kommunikaasje mei de omlizzende wyk. De PvdA yn de ried fan Ljouwert fynt dat it kolleezje dêr by de skoalle op oantrune moatte.

Stenden, de eardere CHN, wol in tydlik parkearterrein oanlizze oan de Rengersleane. De wyk is dêr net bliid mei en seit dat se net op de hichte wiene fan de plannen. De wyk fynt dat de natuer foarrang hawwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)