Skeel oer grûn Dellewal

05 feb 2014 - 11:08
  • Skylge

Undernimmer Harry Westers hat beslach lein op in stik gemeentegrûn by de Dellewal op Skylge. De rekreaasje-ûndernimmer wol de grûn brûke om syn Hotel Skylge út te wreidzjen mei 70 hotelkeamers. Westers is fan betinken dat de gemeente yn 2012 tasein hat de grûn oan him te ferkeapjen, mar de gemeenteried is hjir tsjin en wol no dat der wenningen op it terrein boud wurde. Earder hat Westers de ried witte litten in mijoeneklaim yn te tsjinjen as realisaasje fan syn bouplan tsjinhâlden wurdt. It skeel komt foar de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)