Skeel oer fiskjen op Iselmar

18 jul 2013 - 20:46

Vogelbescherming Nederland sleept de provinsje Fryslân foar de rjochter oer de Iselmarfiskerij mei steande netten. De provinsje hat by it ferlienen fan de fergunning neffens de Fûgelbeskerming net goed sjoen nei de gefolgen foar wetterfûgels. Dy fûgels kinne ferdrinke yn de netten. Dêr hat wol in ûndersyk nei west, mar dat is net sa útfierd as de Iselmarprovinsjes mei de fiskers en de natoerbeskermers ôfpraat hienen. Dêrtroch soe de provinsje net goed sicht hawwe op it oantal fûgels dat yn de netten omkomt. De provinsje wol net reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)