Skeel oer doarpshûs Lippenhuzen

03 nov 2005 - 09:38

Lippenhuzen driget in gemeentlike bydrage fan hast 250.000 euro mis te rinnen foar de ferbouwing fan it doarpshûs. As it doarp net yn petear giet mei de gemeente, ferdwynt it jild yn de algemiene reserves fan Opsterlân.

Der wurdt al tsien jier praat oer de ferbouwing fan it doarpshûs, mar beide partijen kinne it mar net iens wurde oer hoe 't dat moat. Lippenhuzen wol der in sportseal yn hawwe, mar neffens de gemeente kin dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)